Fytster ferwûne nei oanriding by Wâlterswâld

21 nov 2014 - 20:48

In frou fan 20 jier is freedtejûn slim ferwûne rekke by in oanriding yn Walterswâld. In 56-jierrige automobilist út Dronryp woe flak foar de krusing de frou ynhelje, doe't er dat die sloech de frou op de fyts linksôf. De bestjoerder koe in botsing net mear foarkomme en de frou foel hurd op de grûn. Se is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

De plysje hat in analyze fan it ûngelok makke en dêrby waard dúdlik dat de frou sûnder ljocht fytst hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)