Fytster (72) falt troch hûn

13 aug 2014 - 10:52

In 72-jierrige frou út Zuid-Scharwoude is tiisdeitemiddei ferwûne rekke op Skylge doe't der op de Douwe Totlaan samar ynienen in hûn de dyk oerstuts. It bist fleach ûnferwachts de dyk op. Op dat stuit kaam de frou krekt oanfytsen. Se koe it bist net mear ûntwike en gong ûnderút mei de fyts.

By de falpartij rûn it slachtoffer ferwûnings op oan har holle. Se is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins flein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)