Fytsster slim ferwûne

19 sep 2009 - 14:19

By in oanriding op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert is freedtemoarn in 22-jierrige fytsster út de haadstêd slim ferwûne rekke. De frou ried oan de ferkearde kant fan de dyk en is nei alle gedachten troch it reade ljocht riden.

Dêrop waard se skept troch de auto fan in 25-jierrige ynwenner út Ferwert. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle en it boarst oerbrocht nei it sikehûs. De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)