Fytsster ferwûne yn Harns

04 okt 2009 - 15:31

In fytsster is yn de nacht nei snein ferwûne rekke oan de holle by in ûngelok op de Noarderhaven yn Harns. Se is nei alle gedachten troch de hurde wyn fallen. Se is nei it sikehûs yn Snits oerbrocht.

Ek yn Kollum rekke in fytsster ferwûne. In bestjoerder (91) fan in brommobyl út De Triemen wie yn in bocht tsjin in fytsster botst dy't fan de oare kant ôfkaam. De fytsster, in 22-jierrige ynwenster fan Bûtenpost rekke ferwûne oan de skonk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)