Fytsrûte fan Akkrum - De Jouwer

01 aug 2006 - 17:14

Om it pontsje by Nijeskou dat sûnt in pear moanne in eare hersteld is, is in fytstocht op poaten set. Troch it nije pontsje is it mooglik in rûntsje fan fjirtich kilometer te fytsen fan Akkrum, Terherne nei de Jouwer.

De tocht giet oer besteand fytspaad dat troch de gemeenten Skarsterlân en Boarnsterhim fan rûtebuordsjes foarsjoen is. By nijskjirrige plakken, lykas Coopersburg yn Akkrum en by âlde mûnen, is ynformaasje te lêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)