Fytsrekôr op Fryske sneldyk

04 jul 2013 - 18:38

Studinten fan de TU Delft en de VU Amsterdam fytse nije wike tiisdei op de sneldyk tusken Frjentsjer en Dronryp. Se sille dan besykje it Nederlânsk fytsrekôr te ferbetterjen mei in sels-ûntwikkele fyts. Dy fyts is ekstra aerodynamysk en kin dêrtroch hiel rap. De ferwachting is dat se mear as 100 kilometer yn de oere helje sille. Dêrmei sil bestjoerder Sebastiaan Bowier nei alle gedachten de fluchste Nederlânske fytser ea wurde.

Foar it rekôr wurdt de sneldyk yn de rjochting fan Dronryp tusken 11.30 en 13.25 ôfsletten foar al it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)