Fytsrekôr net helle

09 jul 2013 - 14:18
  • De rekôrpoging op de sneldyk tusken Frjentsjer en Dronryp.
  • De rekôrpoging op de sneldyk tusken Frjentsjer en Dronryp.
  • De rekôrpoging op de sneldyk tusken Frjentsjer en Dronryp.

Hurdfytser Sebastiaan Bowier hat mei in aerodynamyske fyts in snelheid fan 78,8 km/oere oere helle. Studinten fan de TU Delft en de VU Amsterdam hawwe hjoed in rekôrpoging hurdfytsen dien op de sneldyk tusken Frjentsjer en Dronryp. Se hawwe dêr sels in spesjale fyts foar ûntwikkele.

De ferwachting wie dat se boppe de 100 km/oere helje soene, mar benammen de wyn wie spulbrekker. Fierder binne de omstannichheden yn Fryslân ek net optimaal. Wrâldrekôrs wurde dêrom ek altyd yn Amerika fytst.

Yn de woestyn yn Nevada kinne fytsers hurder, omdat dêr minder wyn stiet en de hichte better is. De kommende tiid sille de studinten de fyts fierder ûntwikkelje om letter mooglik wol in rekôr te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)