Fytspriis foar Jurjen Sweering

28 maaie 2009 - 12:23
  • Jurjen Sweering krijt freed de Gonnie Brouwer Wurdearringspriis

Hurdfytser Jurjen Sweering út Snits is winner wurden fan de Gonnie Brouwer Wurdearringspriis 2009. De 47-jierrige Sweering krijt de priis, omdat hy neffens de sjuery as lid fan wielerferiening Snits in sportman is yn de geast fan Gonnie Brouwer.

Sweering is in entûsjaste hurdfytser mei in sterke sosjale ynstelling en stiet altyd klear foar in oar. De priis wurdt freedtejûn oan Sweering útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)