Fytsploech Westra mei roubân

28 aug 2009 - 19:02
  • Lieuwe Westra mei de ploech by de presintaasje

De hurdfytsploech fan Lieuwe Westra fytst sneon mei roubantsjes om. Dit as earbetoan oan de heit fan Lieuwe dy't dizze wike stoarn is. De begelieding fan de Vacansoleil-ploech wie freed ek by de begraffenis oanwêzich. De tarieding fan de ploech wie net oanpast fanwege it stjergefal.

Lieuwe Westra hat him nei de begraffenis wer oansluten by syn ploech en start sneon yn Assen yn de de Vuelta. De sporter wol krekt wol fytse, as earbetoan oan syn heit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)