Fytspaden moatte feiliger

14 aug 2013 - 11:31
  • Fytspaad

Alle Fryske gemeenten soene mei elkoar in plan meitsje moatte om diken en paden feiliger te meitsjen foar fytsers, yn stee fan dat allegear ôfsûnderlik te dwaan. Dat kin in soad jild besparje. Dat fynt Kees Mourits fan it Frysk Fytsersbûn. Minister Melanie Schultz van Haegen wol dat de gemeenten ein dit jier allegear in plan hawwe om wat te dwaan tsjin it tal ûngelokken op de fyts. Ien op de trije ferkearsdeaden falt ûnder fytsers. It fytsersbûn is earder al begûn mei in ynventarisaasje fan gefaarlike plakken foar fytsers.

Op in soad plakken steane pealtsjes yn de fytspaden, om auto's te kearen. Dy pealtsjes binne lykwols gefaarlik foar fytsers. Kees Mourits tinkt dat Fryslân kâns makket op in startsubsydzje, as de gemeenten mei elkoar sjen litte dat se fytsfeilichheid serieus nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)