Fytspaad Wurdum-Ljouwert iepen

03 apr 2014 - 11:15
  • It fytspaad nei Wurdum wie ticht fanwege de oanlis fan de Heak om Ljouwert

It fytspaad by de Werpsterdyk tusken Ljouwert en Wurdum lâns is fan freed ôf wer iepen. It fytspaad wie sûnt 2012 ticht fanwege de oanlis fan it knooppunt Werpsterhoeke.

Yn desimber fan dit jier wurdt de Werpsterdyk noch ien kear ôfsletten. Dan sil it besteande fiadukt sloopt wurde. Ferkear wurdt omlaat fia de Loodyk en Westergeasterdyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)