Fytspaad Peins iepene

30 nov 2013 - 14:56
  • It doarp Peins

Yn Peins is sneon it nije fytspaad nei Rie offisjeel iepene. De winsk foar it fytspaad ûntstie yn 1995, doe't de skoalle yn it doarp ticht moast fanwege te min learlingen. De bern moasten sûnt dy tiid oer in frij drokke, smelle dyk nei Ried fytse.

Nei de ferkiezings fan 2010 waard de oanlis fan it fytsplaad yn it riedsprogramma fan Frjentsjerteradiel set. It duorre noch trije jier foardat mei de oanlis begûn wurde koe, mar it is no klear.

De iepeningshanneling waard dien troch de foarsitter fan doarpsbelang en in skoalbern. Wethâlder Joop Bekkema fan Frjentsjerteradiel hâlde in taspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)