Fytspaad opheffe om jildkrapte

11 nov 2013 - 14:17
  • It fytspaad dat Steatsboskbehear opheffe wol

Steatsboskbehear hellet út jildkrapte in fytspaad by Bakkefean fuort. It giet om it paad troch de Alde Bosk nei de Duerswâldsterheide. It paad hat by de swiere stoarm ein oktober in soad skea oprûn.

It paad wie der al min oan ta. It soe folslein fernijd wurde moatte om der wer feilich fytse te kinnen. Dat soe goed 150.000 euro kostje en dat jild hat Steatsboskbehear net. Foar rekreative foarsjennings is gjin subsydzje mear. It asfalt fan it fytspaad wurdt fuorthelle. It sânpaad dat oerbliuwt, kin brûkt wurde troch kuierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)