Fytspaad op brêge bliuwt

06 des 2007 - 21:44

It lânbou- en it fytsferkear op de Blauforlaetsbrêge by Stynsgea bliuwt skieden. Seker oant 2009 moatte de auto's de haadrydbaan diele mei trekkers. Dat ha de steaten besletten.

Goed hûndert omwenners protestearden tongersdeitejûn yn it provinsjehûs tsjin de plannen om fytsers en trekkers op deselde dyk oer de brêge gean te litten. De kommende periode sille de steateleden har beriede op in permaninte oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)