Fytspaad oer de Boskplaat stoot ûnder en wurdt ferlein

28 aug 2015 - 12:00

It fyts- en kuierpaad oer de Boskplaat op Skylge wurdt ferlein. Steatsboskbehear nimt de maatregel omdat it paad hieltyd ûnderstoot troch it sân fan de dunen. It natoerbehear lit de dunen heger en breder wurde, want dat is goed foar tal fan bysûndere plant- en bistesoarten. Mar it paad leit flak achter de dunen en is dêrtroch faak net mear te befytsen.

Om it probleem struktureel op te lossen wurdt it hiele paad in stik fierderop lein. De dunen krije dêrtroch op guon plakken wol hûndert meter ekstra romte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)