Fytspaad Mitselwier - Ingwierrum

15 jan 2004 - 00:00

De finansiering foar in fytspaad tusken Mitselwier en Ingwierrum is rûn. Dat betsjut dat it fytspaad noch dit jier oanlein wurdt. De provinsje stelt 1,1 miljoen euro beskikber en de gemeente Dongeradiel twa ton.

De gemeente en ynwenners fan beide doarpen hiene om it fytspaad frege. Se sizze dat de trochgeande dyk tusken Mitselwier en Ingwierrum tige gefaarlik is. It nije fytspaad wurdt 5 kilometer lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)