Fytspaad Ljouwert - Deinum

19 aug 2014 - 20:50
  • Fytspaad

Der komt in fytspaad tusken Deinum en Ljouwert. Dat binne de doarpsbelangen fan Deinum, Boksum en Ritsumasyl oerienkommen mei de provinsje en de gemeente Menameradiel. It projekt makket ûnderdiel út fan de plannen om it gebiet om de doarpen hinne opnij yn te rjochtsjen. Dit moat fanwege de feroarings troch de Heak om Ljouwert.

It giet om de twadde faze. De provinsje en de gemeente ynvestearje acht miljoen euro yn de farrûte Deinum-Boksum, in nij wenwykje yn Deinum en oare saken sa as it fytspaad.

De earste faze bestiet út it oanpakken fan it gebiet om Marsum hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)