Fytspaad foar Boelensloane

17 feb 2009 - 09:13
  • Hjir moat it fytspaad nêst  komme

Boelensloane krijt einlik syn lang ferwachte fytspaad. Moandei is begûn mei de oanlis. It fytspaad moat yn april klear wêze. Der is jierrenlang praat oer it fytspaad oan de Boelenswei. Earst soargen finansjele problemen foar opûnthâld, letter wie it in toer om de grûn te krijen.

De gemeente Achtkarspelen hat no alle nedige grûn yn syn besit. Foaral foar de jeugd dy't op 'e fyts nei skoallen yn Surhústerfean giet, wurdt it in stik feiliger troch it fytspaad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)