Fytspaad Boerum-Visvliet iepen

04 jul 2010 - 12:57

Ynwenners fan Boerum dy't op de fyts nei it Grinslanner Visvliet wolle, hoege net mear om te fytsen. Sneon is nammentlik in nij fytspaad iepene tusken de beide plakken. De iepening wie op de brêge oer rivier de Lauwers dy't tusken Boerum en Visvliet leit.

Wethâlder Schaafstal fan Kollumerlân en wethâlder Stol fan de gemeente Súdhorn knipten tegearre in lint troch en dêrmei wie it nije fytspaad offisjeel in feit. Boerum hat sûnt ôfrûne sneon ek offisjeel in haven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)