Fytspaad Blauwe Bosk is no hielendal fernijd

02 nov 2015 - 18:54
  • De Blauwe Bosk by Haulerwyk

It hiele fytspaad yn de Blauwe Bosk by Haulerwyk is fernijd. Sûnt moandei is it lêste part ek klear. De fytsrûte wie fertutearze. De doarpen om de bosk hinne woene al lang dat it paad opknapt waard, mar der wie gjin jild. De gemeente, Pleatslik Belang Haulerwyk en Steatsboskbehear hawwe it no mei-inoar oanpakt.

It fytspaad troch de Blauwe Bosk is 4,5 kilometer lang. In diel dêrfan is in pear jier ferlyn al ferbettere. It lêste stik is no ek klear. Der leit no in breder paad fan beton troch de bosk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)