Fytskontrôle op skoallen

12 nov 2012 - 10:43
  • Fytskontrôle op basisskoalle Drachten

Op basisskoalle 't Tweespan yn Drachten is moandei in grutte fytskontrôle hâlden. De ANWB is dêr om de fytsen fan de 180 skoalbern te kontrolearjen op ûnder oare ferljochting. It giet om it projekt Lightwise mei as doel it tal ferkearsûngelokken mei bern te ferminderjen.

Al mei al krije tolve skoallen yn hiel Nederlân besite fan it folsleine Lightwiseteam. De Drachtster skoalle waard opjûn troch de 9-jierrige Froukje Beeksma dy't yn groep 6 sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)