Fytsklup Frisia wol skoalbern it hurdfytsen leare

04 jun 2015 - 13:07
  • Fytsklup Frisia wol skoalbern it hurdfytsen leare.

Skoalbern fytse hieltyd minder. Faak wurde sy in de auto nei skoalle brocht of binne troch de nije sosjale media lestich it hûs út te krijen. Dat seit de Ljouwerter toerfytsklup Frisia. Dêrom organisearre dy klup tongersdei in spesjale hurdfytsdei foar bern út groep 7 en 8 fan de basisskoalle. De bern krigen yn groepkes les fan hurdfytsynstrukteurs.

De fytsklups kinne ek wol wat nije leden brûke. It lêdebestân is de lêste jierren bot fergrize. Op dit stuit komt der wol wat jongerein by, mar der is noch hieltyd in gat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)