Fytskampanje al op 6500 km

01 jun 2007 - 21:22

De Fryske wurknimmers dy't meidogge oan de kampanje 'Fiets het verschil' hawwe yn de earste fytswike al 6500 kilometer ôflein.

It oantal dielnimmers fanút plysje Fryslân, De Friesland Zorgverzekeraar en de Provinsje Fryslân bestiet yntusken út 125 minsken. Se hawwe de tiid oant 21 juny om safolle mooglik kilometers te meitsjen foar goeie doelen. It totale sponsorbedrach stiet no op sawat 1700 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)