Fytsjild foar spiersykte ALS

31 maaie 2010 - 09:41
  • De ferneamde berch Alpe d'Huez

In groep fan 32 fytsers út ûnder oare Jirnsum, Akkrum en Snits ha ôfrûne wykein de Alpe d'Huez beklommen. De fytsers ha har sponserje litten en ha mei har prestaasje 32.500 euro ophelle foar de Stichting ALS. De fluchste fytser wie yn 58 minuten op de top fan de Alpe d'Huez.

ALS is in deadlike spierziekte. Elk jier krije 500 minsken yn Nederlân de sykte. De fytstocht draaide om Ronald de Haan út Jirnsum, dy't ek ALS hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)