Fytsferkeaper oppakt

30 jan 2009 - 09:49

De plysje hat tongersdeitenacht in 40-jierrige Ljouwerter oanhâlden, dy´t fytsen ferkocht oan foarbygongers yn it sintrum. Fia kameratafersjoch wie te sjen dat de fertochte yn it sintrum in fyts ferkocht.

Efkes letter seagen meiwurkers fan Stadstoezicht dat de man yn de Alde Doelesteech noch in fyts ferkocht oan in foarbygonger. De stedswachten warskôgen de plysje en dy hat de man oanhâlden. Hy is nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)