Fytsestellerij fluch oplost yn Ljouwert

31 mrt 2016 - 11:13
  • Plysje oanhâlding

In frou (75) út Ljouwert hat der grif gjin spyt fan, dat se tiisdei oanjefte die fan in stellen fyts. Doe't de frou by it buro kaam, seach se har fyts dêr al stean. De plysje woe de eigener fan de fyts gelyk oanhâlde foar heling, mar by ûndersyk die bliken dat de persoan dy't de fyts brûkte, de fyts liend hie fan kunde.

Dy persoan, in 27-jierrige Ljouwerter, waard justjes letter oanhâlden. De plysje hat de saak yn ûndersyk. De fertochte is ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)