Fytsestalling NS-stasjon ferboud

21 sep 2002 - 00:00

De bewaakte fytsestalling by it stasjon yn Ljouwert wurdt ferboud. De fytsen krije mear romte. Dêrtroch rint it tal plakken tebek fan 2500 nei goed 1100.

De ferbouwing begjint moandei en wurdt yn fazen útfierd en de stalling bliuwt gewoan iepen foar publyk. De oanpassings meitsje diel út fan it projekt 'Ruimte voor de Fiets', dat tusken no en 2007 utfierd wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)