Fytsestalling by CS Ljouwert stiet noch in wike

16 aug 2015 - 14:33
  • Fytsestalling

Fytsers hawwe noch in wike de tiid om har fyts oan de foarkant fan it sintraal stasjon yn Ljouwert fuort te heljen. Op 24 augustus begjinne dêr wurksumheden om kabels en liedingen te ferpleatsen, mei it each op in grutte werynrjochting fan it stasjonsgebiet.

Al in skoftsje steane der buorden om besikers der op te wizen dat de fytserekken foar it stasjon fuorthelle wurde. Fytsen dy't oer in wike noch net fuort binne, wurde losknipt en meinommen troch de gemeente.

It stasjonsgebiet komt der skielk hiel oars út te sjen. It busstasjon wurdt oanpakt en de ûndergrûnske fytsestalling wurdt útwreide, fan 1.500 nei 3.000 plakken. Yn 2017 moat it wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)