Fytsersbûn: Gjin auto's Goutum

12 sep 2011 - 19:53

Der mei gjin trochgeand autoferkear mear ride troch Goutum. Dat wol it fytsersbûn. Dy fynt dat de gemeente Ljouwert yngreven maatregels nimme moat om slûpferkear tsjin te gean.

De Wergeasterdyk, de Buorren en de Jonkersleane soene dan oanpakt wurde moatte. Kees Mourits fan it fytsersbûn tinkt dan oan in blokkade mei in pealtsje dat yn de spits de dyk ôfslút of oan in heale ôfsluting. De lêste maatregel makket de rûte ûnoantreklik foar automobilisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)