Fytsers troch Marsum hinne

05 maaie 2014 - 16:24
  • Marsum
  • Marsum

Doarpsbelang Marsum siket frijwilligers foar de fytsalvestêdetocht. De tocht giet foar it earst yn jierren troch it doarp hinne. De rûte is feroare fanwege de wurksumheden oan de Heak om Ljouwert. Doarpsbelang is bliid mei de rûte troch it doarp, mar fynt it dreech om de fiif frijwilligers dy't nedich binne te regeljen.

De frijwilligers moatte as ferkearsregelders optrede by de fytstocht dy't op pinkstermoandei riden wurdt. As der gjin frijwilligers fûn wurde, dan giet de fytsalvestêdetocht om it doarp hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)