Fytsers op de A7 by Drachten litte automobilisten skrikke

13 des 2015 - 14:37

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein tusken Fryske Peallen en Drachten twa fytsers fan de A7 plukt. Om 02:00 oere hinne krige de meldkeamer meardere tillefoantsjes fan automobilisten dy't bot skrokken wiene fan it duo.

Aginten giene der fuortendaliks op ôf en troffen twa jonge Drachtsters oan dy't mei de fyts oan de hân oer de flechtstrook rûnen. Se wiene ûnderweis nei Drachten. Se seine dat se ferdwaald wiene.

Beide jonges binne fan de sneldyk ôf helle en thús brocht. Se krije in boete foar it yn gefaar bringen fan oare ferkearsdielnimmers. Justysje bepaalt de hichte fan de bekeuring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)