Fytsers mei donororgaan oankaam yn Boalsert

25 maaie 2015 - 17:39
  • Fytsalvestêdetocht Burdaard

De groep minsken mei in donororgaan dy't meidien hat oan de fytsalvestêdetocht is ein fan de middei oer de finish yn Boalsert kaam. It gie om sân minsken en in groep sympatisanten. Se fytsten mei om sjen te litten dat soks mooglik is, mei in donororgaan. Ien fan har hat noch mar acht moanne lyn in nije lever krigen. Oaren in donorhert of donorlongen.

Ek woene se mei har dielname omtinken freegje foar it belang fan donorregistraasje. Se wiene ûnderweis net te missen mei har rôze shirtsjes mei de oprop om donor te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)