"Fytsers leaver op grutte dyk"

30 okt 2014 - 10:01
  • Fytspaad

In proef ôfrûne simmer yn Frjentsjer toant oan dat guon fytsers leaver op de grutte dyk fytse yn stee fan op it fytspaad. De resultaten fan de proef binne tongersdeitemoarn yn Amersfoort presintearre. In studint fan de NHL ûndersocht, yn gearwurking mei it Fytsersbûn en de gemeente Frjentsjerteradiel, it gedrach fan fytsers op de rydbaan. It tal ûngelokken soe minder wurde troch rappe en stadige fytsers fan mekoar te skieden.

Bûten de beboude kûm binne gjin ferskillen konstatearre. Yn de beboude kom is der wol effekt as hurdfytsers net mear it fytspaad nimme. De trochsneed-snelheid op it fytspaad gie dertroch fan 18,68 nei 18,54 kilometer yn de oere. Mei de resultaten wol it Fytsersbûn in lanlike diskusje op gong bringe oer de feiligens op fytspaden. Dit wol sizze dat de minsken efter de proef fine dat der mear ûndersyk nedich is yn oare stêden om ta passende maatregels te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)