Fytsers kinne feilich oerstekke

17 nov 2005 - 16:58

De nije fytsoerstekplakken op de krúspunten fan de provinsjale dyk by Wjelsryp, Easterlittens en Wiuwert binne tongersdei offisjeel yn gebrûk nommen. De doarpsbewenners hiene om aatregels frege omdat it foar fytsers hiel gefaarlik wie de dyk oer te stekken.

Op de krúspunten is de maksimale snelheid 60 kilometer yn 'e oere. De dyk is read makke en liket smeller troch de belijning op it asfalt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)