Fytsers gean ûnderút trochdat de stjoeren ynelkoar reitsje

24 feb 2016 - 10:02

In famke fan 17 jier út Noardburgum is woansdeitemoarn yn Ljouwert ferwûne rekke, doe't se mei har fyts te fallen kaam. It famke fytste tegearre mei in 16-jierrige jonge út Hurdegaryp oer de Grinzerstrjitwei, doe't se mei de stjoeren ynelkoar rekken en foelen.

De jonge kaam mei de skrik frij, it famke is mei ferwûnings oan de holle mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)