Fytsers ferwûne by ûngelokken

07 okt 2012 - 17:02

Yn Beetstersweach is sneon in 81-jierrige fytser yn syn wenplak ferwûne rekke doe't er oanriden waard troch in auto. De man stuts de dyk oer en seach nei alle gedachten in auto oer de holle. De autobestjoerder koe de fytser net mear ûntwike mei in botsing as gefolch. De fytser waard mei ûnder mear ferwûnings oan de skonk nei it sikehûs brocht.

In 27-jierrige fytser út Drachten rekke sneon yn syn wenplak ferwûne doe't er tsjin in stoeprâne fytste en ûnderút gie. De man is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)