Fytsers ferwûne by falpartijen

07 jun 2010 - 10:20

Twa fytsers binne snein ferwûne rekke by iensiedige ûngemakken. Yn Stiens fytste in 15-jierrich famke op it Noarderfjild tsjin in stilsteande auto oan. Se is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

In 73-jierrige man fan De Jouwer rekke ferwûne by in falpartij op de Séwei. De man foel nei't syn frou him mei har scootmobyl rekke. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de earm nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)