Fytsers feiliger yn De Blesse

17 des 2008 - 07:01

Sven_Halman út De_Blesse is noch mar 13 jier âld, mar krijt no al saken klear by de gemeente. It plak dêr't fytsers oerstekke moatte fan de Spoorlaan nei de Nieuwstraat yn it plak is net feilich neffens de havo 2 learling.

Sven is mei syn ûndersyk nei wethâlder Wim_Plekkenpol gongen en úteinlik is syn plan tiisdei útfierd. Der steane no pealtsjes by it gefaarlike punt om automobilisten dúdlik te meitsjen dat der fytsers oan komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)