Fytsers begjinne oan alvestêdetocht

25 maaie 2015 - 07:35
  • De start by it stedhûs fan Boalsert
  • Stimpelpost yn Frjentsjer

Yn Boalsert binne moandeitemoarn sa'n 15.000 minsken oan de fytsalvestêdetocht begûn. Neffens tradysje wurdt dy alle jierren op twadde pinksterdei hâlden. De start wie tusken fiven en achten. Om de acht minuten begûn in groep fan sa'n 650 minsken.

Mei-elkoar starte der 23 groepen. De tocht lâns de alve stêden is 235 kilometer lang. Dielnimmers hawwe oant nachts tolve oere om ek wer yn Boalsert oer de finish te kommen.

De rûte liket foar it grutste diel op dy fan ferline jier. Sa gean de fytsers fanwege de oanlis fan de Heak om Ljouwert ek dit kear troch Marsum.

Kollega Aise van Beets fytst ek mei, syn tocht is te folgjen op deitelevyzje fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)