Fytser(16) ferwûne Twizelerheide

28 jun 2006 - 11:07

In 16-jierrige fytser út Twizelerheide is tiisdeitemiddei ferwûne rekke op de Ikewei yn syn wenplak. De jonge stuts de dyk oer en seach dêrby de auto fan in 49-jierrige ynwenster fan De Pein oer de holle.

De frou besocht noch te remjen, mar koe in oanriding net mear foarkomme. De fytser is mei ferwûnings oan de skonk en in harsenskodding mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)