Fytser swier ferwûne by Diken

24 jun 2013 - 12:50
  • Traumahelikopter

In fytser (63) fan Sint Nyk is sneintemiddei swier ferwûne rekke nei in botsing mei in auto by Diken. De man fytste yn it selskip fan syn frou rjochting Langwar. Yn in bocht ried in auto harren temjitte. De fytser rekke by it passearen de linkerkant fan de auto en kaam te fallen. De man is swier ferwûne mei de traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

De autorider (44) út in lyts doarp yn Skarsterlân kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)