Fytser rydt tsjin autodoar en is ferwûne

09 aug 2015 - 11:17

In 72-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is sneon ferwûne rekke neidat hy tsjin in doar fan in auto fytste. Dat barde op de Dimpte Molewyk yn syn wenplak. De bestjoerder fan de auto die ynienen de doar iepen, de fytser botste der op en foel. Hy rekke dêrby ferwûne en syn fyts rekke skansearre. Doe't de man de bestjoerder konfrontearre mei de skea naaide de autorider út.

De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok. As jo wat witte of sjoen hawwe kinne jo belje mei 0900 8844.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)