Fytser omkommen by Tersoal

26 jan 2008 - 12:02

Yn Tersoal is fannacht in 30-jierrige fytser om it libben kommen by in frontale botsing mei in auto. Dy waard bestjoerd troch in 52 jierrige man út Boarnsterhim, dy't tefolle op de linkerkant fan de dyk bedarre.

De fytser is mei slimme ferwûnings nei it sikehûs yn Snits brocht en letter nei it UMCG. Dêr is hy fannemoarn ferstoarn. Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat de autobestjoerder fiersten te folle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)