Fytser omkaam yn Harns

31 aug 2012 - 13:37

In 44-jierrige fytser út Harns is freedtemoarn betiid ferstoarn nei in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer stuts de Lange Lijnbaan oer. In automobolist út Snits seach de man te let en koe net mear mei de auto om him hinne. De Harnzer ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)