Fytser oanriden op rotonde

16 feb 2013 - 11:09
  • It Fliet yn Ljouwert (argyffoto)

In 34-jierrige fytser út Ljouwert is freedtejûn op de minyrotonde yn de Bote van Bolswertstrjitte ferwûne rekke. De fytser krige gjin foarrang fan in 26-jierrige automobilist en waard doe oanriden. De man is mei pine yn 'e rêch mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Op de rotonde op de krusing mei it Fliet hawwe fytsers foarrang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)