Fytser mishannele yn Bitgum

27 jun 2010 - 13:04

In Ljouwerter (42) is sneon yn Bitgum mishannele. De man fytste op De Buorren achter in auto en skrok doe't de bestjoerder ynienen remme. De bestjoerder stapte út de auto en gie nei in hûs ta.

Doe't de fytser wat tsjin de bestjoerder oer syn rydgedrach rôp, kaam dy werom. Hy smiet de fyts om en sloech de fytser tsjin de holle. De fyts rekke beskeadige. De Ljouwerter hat oanjefte dien fan mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)