Fytser mei sin oanriden

31 jul 2012 - 10:27
  • De Grinzerstrjitwei yn Ljouwert

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling fan moandeitemiddei op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. In 69-jierrige fytser waard dêr mei opsetsin oanriden troch in bromfytser. De fytser kaam te fallen en waard dêrnei troch de bromfytser oanfallen.

Omstanners grypten yn, wêrnei't de bromfytser útnaaiden. De plysje is no op syk nei him. De 69-jierrige man op 'e fyts rûn ferskate ferwûnings op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)