Fytser mei boksbeugel bedrige

08 feb 2008 - 10:21

Yn Harns is tongersdei in 37-jierrige man oanholden foar bedriging. De man hie earder dy middei yn de Grote Kerkstraat in fytser bedrige mei in boksbeugel. Neffens tsjûgen wie de fertochte tsjin de fytser oanrûn.

De Harnser begûn fuortendalik te razen en bedrige de fytser mei de boksbeugel. Omdat de plysje in goed sinjalemint krigen hie, koe de fertochte letter yn syn hûs oppakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)