Fytser lûkt frou tas út hannen yn Drachten

28 des 2014 - 11:55

Op de Drift yn Drachten is sneontejûn in frou út Boarnburgum bestellen fan har tas troch in man op in fyts. De frou stapte mei in pear freondinnen út in taksy en soe yn de rjochting fan De Kaden rinne. De man op de fyts kaam har yn de mjitte en luts har de tas út de hannen.

Der waard noch in boargernetaksje opset om de man te finen, mar dat smiet neat op. De frou hat oanjefte dien en de plysje sil de saak fierder ûndersykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)