Fytser klapt tsjin scooter

02 aug 2010 - 10:04

In 48-jierrige man fan It Hearrenfean is snein mei ferwûnings oan 'e holle en it skouder nei it sikehûs oerbrocht neidat er tsjin in scooter klapte. Hy fytste op it fytspaad nêst de Tramwei op 'e Jouwer. Doe't de fytser links ôfslaan woe yn de rjochting fan de A7 helle de 28-jierrige bestjoerder fan de scooter him yn. Beide foelen.

De scooterrider hie noch ien achterop. Beide binne nei de earste help gien foar kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)